Kardiolooch Antonius warskôget foar 'tsunami' hertpasjinten

10 des 2015 - 19:47

Op dit stuit binne der al folle mear groanyske hertpasjinten as 20 jier lyn. Dat seit kardiolooch Paul van Haelst fan it Antonius Sikehûs yn Snits. Hy reagearret dêrmei op de ferwachting fan it RIVM dat der oer 25 jier hast oardel miljoen Nederlanners lêst ha fan hertkwalen. It giet dan om bygelyks hertfalen, in hertoanfal of in beroerte. Dat der hieltyd mear minsken komme mei sokke problemen, hie Van Haelst wol tocht. In stiging fan 65 persint yn ferliking mei 2011, dat hie hy lykwols net ferwachte.

"Het is een behoorlijke toename en dat is zorgelijk", seit de kardiolooch. It is noch te kearen, neffens him, mar dan moatte je it probleem wol by de woartel oanpakke. In sûne libbensstyl moat by elkenien foar op de aginda stean. Jonge bern moatte leare te bewegen en fan it smoken ôfholden wurde, sa fynt Van Haelst. Hy sjocht hieltyd mear jonge bern dy't te grou binne. Dat jout op langere termyn in enoarme kâns op in hege bloeddruk, sûkersykte en hertkwalen, seit er. "Als we dat tegen kunnen gaan, kunnen we ook de tsunami van problemen in 2040 voor zijn."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)