Learlingen en dosinten Piter Jelles leare reanimearjen

10 des 2015 - 16:11

Piter Jelles !mpulse yn Kollum nimt reanimaasje op yn it lespakket foar alle learlingen. Mar ek dosinten en oar personiel leare hoe't se reanimearje moatte. De skoalle hat dêr in gearwurkingsoerienkomst foar sletten mei de Hartstichting. De lessen wurde jûn troch eigen learkrêften, dy't dêr in kursus foar hân ha.

Nije wike krije earst de boppeboulearlingen reanimaasjeles, nei de krystfakânsje folgje de ûnderbou en it personiel. De lessen wurde dêrnei ien kear yn de safolle tiid werhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)