Natuergebiet Gryn digitaal te besjen mei Google Streetview

10 des 2015 - 15:23

It net tagonklike waadeilân Gryn (Griend) is no digitaal te besjen. De bylden steane op Google Streetview. Dat is it resultaat fan in projekt fan Natuurmonumenten en Google. Gryn is it earste natuergebiet dat op dizze wize firtueel tagonklik wurden is.

In delegaasje fan Natuurmonumenten en Google gie yn oktober in dei nei it eilân om mei in hiel spesjale kamera alle foto's foar streetview te meitsjen. Krekt omdat der gjin minsken op Gryn komme meie, is dit eilân útsocht om as earste firtueel tagonklik te meitsjen.

Sa kinne je it dochs besjen, sûnder dat de tûzenen fûgels op it eilân fersteurd wurde. Takom jier wurde noch folle mear natuergebieten en monumintale gebouwen, mei-inoar 25, digitaal fêstlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)