Aqua Zoo wol groeie mei iisbearen, nylhoarzen en krokodillen

10 des 2015 - 15:02

Bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert wol flink groeie. Fan 100.000 besikers yn it jier no, nei mooglik 200.000 minsken yn it jier. Dêrfoar moatte der wol flink wat nije bisten komme. Sa ferwachtet Aqua Zoo yn maaie iisbearen. Foar harren bout de bistetún in nij ferbliuw fan 5000 kante meter. Dat kostet goed trije ton.

Fan ein maart ôf komme der boppedat ek noch fiif seeliuwen nei Ljouwert. Dêrmei wol Aqua Zoo ek in show opfiere. Oare publykslûkers moatte ûnder oaren nylhoarzen en nylkrokodillen wurde.

De bistetún hopet dizze bisten yn 2017 nei Ljouwert te heljen.

Trefwurden: 
Aqua Zoo Ljouwert besikers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)