Selstraffen fan maksimaal 8 jier yn Tsjûkemarmoardsaak

10 des 2015 - 14:28

In ynwenner fan Easterwâlde moat oardel jier de sel yn fanwege syn oandiel yn de moard op Omar Kourrich. Dy waard yn 2013 yn Amsterdam om it libben brocht en dêrnei by de Tsjûkemar yn 'e brân stutsen. Tsjin de man út Easterwâlde wie twa jier selstraf easke. Hy wurdt derfan fertocht dat er meiholpen hat mei it fuortwurkjen fan it lichem.

In 19-jierrige Amsterdammer wurdt sjoen as de haaddieder en moat acht jier de sel yn. Dat is gelyk oan de eask. De jonge wie noch minderjierrich doe't er Kourrich ombrocht, mar is as folwoeksene berjochte.

Ek syn heit soe by de moard belutsen west hawwe, mar dy is yntusken ferstoarn. De Amsterdammer sels wiist nei in Roemeenske freon. Dy krige twa jier sel. Tsjin him wie seis jier easke. De rjochter is fan oardiel dat der net bewiisd is dat de Roemeen meiholpen hat by de moard sels, mar wol by it fuortwurkjen fan it lichem en de spoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)