Steatssekretaris Van Rijn lit leanen Patyna gewurde

10 des 2015 - 14:01

Steatssiktaris Martin van Rijn fan folkssûnens sil net optrede tsjin de leansferheging by de Fryske thússoarchorganisaasje Patyna. Neffens him moat it mooglik bliuwe om leanen te ferheegjen as dat needsaaklik is om goede bestjoerders oan te lûken.

Ferline wike waard bekend dat de fjouwer leden fan de ried fan tafersjoch fan Patyna twa kear safolle fergoeding krije as by de rieden fan de twa organisaasjes dêr't Patyna út ûntstien is. Tongersdei wurdt yn de Twadde Keamer in moasje fan de SP behannele, dêryn wurdt om maatregels frege.

De steatssiktaris hat op foarhân al witte litten dat er der gjin útfiering oan jaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)