'Villa Vijversburg' yn Tytsjerk is wer iepen

10 des 2015 - 11:41

'Stichting op Toutenburg' nimt tongersdei Villa Vijversburg yn Tytsjerk wer yn gebrûk. It ôfrûne jier krige it gebou in flinke opknapbeurt. It omlizzende Park Vijversburg is ek restaurearre en útwreide. Sa is der ûnder oare no in ûntdekkingstún foar bern.

De opknapbeurt is noch net hielendal klear: yn jannewaris begjint de bou fan in glêzen paviljoen. Dat moat yn maaie klear wêze. Dan is der ek in offisjele iepening fan Park Vijversburg. Publyk is dan wer wolkom yn de filla foar in bakje kofje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)