Oud Kaatsveld yn Frjentsjer giet tydlik wer iepen

10 des 2015 - 10:00

Alle ferkear yn Frjentsjer kin fan freed ôf trije wike lang fan de Ljouwerterdyk wer oer it Oud Kaatsveld rjochting it stasjon. De tagong fanút de binnenstêd oer it Oud Kaatsveld bliuwt wol ticht. De stêd is dêrmei yn de perioade fan de feestdagen wer better berikber.

Op 4 jannewaris giet it wurk wer fierder en wurde de stekken der wer delsetten. Der wurdt wurke oan in brêge dy't it mooglik makket dat boatsjes de stêd ynfarre kinne. Yn jannewaris wurdt ek begongen mei it ferfangen fan de âlde stasjonsbrêge.

It hiele gebiet wurdt opnij ynrjochte sadat der in feilige rûte komt tusken it trein- en busstasjon en de stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)