Kollum: "De Brulloft"

10 des 2015 - 08:43

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Ik sil jim daliks mar ien fan myn trauma’s fertelle, dan ha we dat mar hân en hoecht dat net wer. It hat ek wat mei hjoed de dei te krijen, dus it is in aktueel trauma. It sit sa, ik ha eartiids nea nei in útfiering fan De Brulloft west. En dat pleaget my noch sa no en dan. Foar wa’t net wit wat De Brulloft is: It wie de earste muzykteater produksje fan de romrofte Fryske band Reboelje. It stik is in kear as wat opfierd yn wat doe noch hotel Vreewijk yn Drachten wie. Dat hotel is der al lang net mear, der steane no nijmoadrige apparteminten. 

It hie hielendal net dreech west om der hinne. It wie yn 1996, wy wennen op De Jouwer, twa jier troud en hienen noch gjin bern dêr’t oppas foar socht wurde moast, dat logistyk besjoen hie it gjin obstakel wêze moatten. Dochs ha wy der net west. Neffens myn frou omdat ik de needsaak der net fan ynseach. En dêr baal ik no noch fan. Letter ha wy wol nei Blau Paradys en Gysbert Gysbert west, mar earlik sein is de cd fan De Brulloft de moaiste fan de projekten fan Reboelje. It wurdt trouwens heech tiid foar in reuny, hearen. Ik sis jim ta dat wy dan wol komme, krekt as al dy oare kearen dat wy nei in optreden west ha. Mar ja, dy Brulloft...

Dit jier soe it jier wêze dat ik myn grutte helden fan de Amerikaanske rockband The Foo Fighters foar it earst live sjen soe. Tegearre mei noch in 50.000 oaren wie ik der yn slagge om kaartsjes te krijen foar Pinkpop yn Landgraaf. In hiel o heden, want ja, ik moast de oare deis gewoan wer oan it wurk, dus soenen wy nachts mar wer werom ride. Dat hie ik der graach foar oer, mei yn gedachten dy miste foarstelling fan De Brulloft. Dit soe my net ûntkomme. It needlot wat miste foarstellings oanbelanget bleau my efterfolgjen, want ien optreden foar Pinkpop nukte sjonger Dave Grohl frijwat ûnnoazel fan in poadium en bruts er syn skonk. De organisaasje fan Pinkpop die krekt as soe der noch in mooglikheid wêze dat de band dochs noch nei Limburch komme soe, mar stikem wist ik wol better. Wy ha al nei Pinkpop west en it wie ek wol in moaie dei, mar ja. Pharrell Williams as ôfsluter is dochs wat soft porno as je eins op de Foo Fighters rekkene hienen. Wy ha dat dus mar net ôfwachte en wienen moai op tiid thús. Ik koe gewoan op tiid oan it wurk. Mei groetnis fan it needlot.

Mar it kin noch slimmer. De bern hienen it der al tiden oer, se woenen och sa graach nei Coldplay yn de Arena yn Amsterdam. No ha ik ea sein dat der twa stadions yn Nederlân binne dêr’t ik nea in foet yn sette sil, it iene is de Arena, it oare meie jim nei riede. Goed. Je sizze wol faker wat as je jong binne, dus ik wie ree om oer de Arena myn miening by te stellen, omdat ik Coldplay ek wolris live sjen woe, mei yn de efterholle fansels de miste foarstelling fan De Brulloft. No wist ik wol hoe’t je oan kaartsjes komme tsjinwurdich, dat giet op in wize dy’t slim op marteljen liket. Jo logge yn by Ticketmaster, ferfolgens sjogge jo nei in rûntsje mei dêryn in rûntsje dat stadich nei tolve oere rint. As it rûntsje fol is, binne jo oan bar. Ik hie dat mei Pinkpop sa ek al ris dien, nei goed trije kertier wie it safier en dat wurke fierder prima. Opfallend wie wol dat de lêste twa minuten 40 minuten duorren, mar klear. Better sa as De Brulloft nochris misse. Fol goede moed sette ik om tsien foar tsienen de kompjûter oan, want om tsien oere soe de foarferkeap los en jo wolle net te let wêze. Fout. De korrupsje sloech tsien minuten foar de iepening al ta. Want tiid is tiid, tsien oere soe de saak los. Mar tsien foar tsienen wie der al in wachtrige fan hjir oant rûchwei de Arena. Wy sieten as famylje De Jong op trije lokaasjes op twa iPads en in Acer kompjûter nei itselde aaklige rûntsje te sjen dat fansels net fol rekke, mar nei trije kertier mei de kâlde melding kaam dat de konserten útferkocht wienen. Nochris mei de groetnis fan it needlot, dat my de miste foarstelling fan De Brulloft nochris goed ynwriuwe woe. Sa fielde it teminsten. Ik ha de moed doe daliks mar opjûn om nei Adele ta te wollen. Yn 1996 koenen je noch gewoan in kaartsje keapje. Oan in kassa, mei gûnen as betelmiddel. Stom. Wy hienen doe gewoan nei De Brulloft gean moatten."      

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)