Buma Boy Edgarpriis foar Tineke Postma

10 des 2015 - 07:15

Saksofoniste, komponiste en bandliedster Tineke Postma fan It Hearrenfean hat woansdei de Buma Boy Edgarpriis krigen. De priis wurdt sjoen as de wichtichste ûnderskieding op it mêd fan Nederlânske jazz en ymprovisearre muzyk. De Buma Boy Edgarpriis bestiet út in keunstwurk fan Jan Wolkers en 12.500 euro.

De sjuery is tige entûsjast oer Postma: "Wat bij Tineke Postma vooral opvalt, is de combinatie van kosmopolitisme en Hollandse nuchterheid. Hoe een in principe bescheiden Friese musicus carrière in de Verenigde Staten maakte."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)