LDODK wint mei gemak fan Dalto: 30-18

09 des 2015 - 23:04

De kuorballers fan LDODK ha de twadde oerwinning helle yn de kuorbal league. Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk waard Dalto út Driebergen mei 30-18 ferslein. LDODK spile by riten goed en hie healwei de wedstriid eins al wûn. Nei de 14-7 by it skoft gong de doelpuntemasine moai fierder mei 30-18 as einstân. Alle LDODK'ers skoarden, mei André Zwart (6) en Erwin Zwart (7) as de produktyfste spilers.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Kuorbal League
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)