"Fryslân moat helpe om Dútske spoarbrêge te werstellen"

09 des 2015 - 23:00

Provinsje Fryslân moat yn aksje komme om in spoarbrêge yn Dútslân te werstellen. Dat fynt de FNP. De spoarbrêge waard foarige wike oanfearn troch in frachtskip. De brêge makket diel út fan de ferbining fan Ljouwert nei Hamburg. It reparearjen soe fiif jier duorje.

De FNP fynt dat 'te gek foar wurden'. De partij ferwachtet yn 2018 in grutte stream ynternasjonale reizgers as Ljouwert Kulturele Haadstêd is. De partij wiist derop dat de provinsje Fryslân mei Grinslân en it ryk no krekt it spoar rjochting Oldenburg opwurdearje wol.

De FNP wol dat it provinsjebestjoer alle war docht om de skansearre brêge sa gau mooglik wer yn oarder te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)