Spoaroergong It Hearrenfean giet yn 2017 op de skeppe

09 des 2015 - 19:49

De spoaroergong by de Rotstergaastwei op It Hearrenfean wurdt fernijd. Yn 2017 begjint ProRail mei it wurk oan it spoar by iisstadion Thialf. Sa wurdt der in twabaansfytspaad oan de noardkant fan de Rotstergaastwei oanlein en komt der in kuierpaad neist. Dat rint fan it stasjon Thialf nei it iisstadion.

Fierder wurdt de bocht by Batavus breder makke, sadat ek frachtweinen fan 25 meter of langer oer it spoar en troch de bocht kinne. Dat kin no noch net.

Minder treinferkear

De wurksumheden oan de spoaroergong sette útein yn 2017 en kinne der foar soargje dat der op mominten gjin treinferfier mooglik is tusken Wolvegea en It Hearrenfean. ProRail sil rekken hâlde mei (sport)eveniminten dy't yn Thialf plak fine sille.

Finansiering

It projekt Rotstergaastwei is fan de provinsje Fryslân, de gemeente Hearrenfean en ProRail. De provinsje betellet it grutste part fan it projekt, dat goed 1,1 miljoen euro kostet. Gemeente It Hearrenfean sil 100.000 euro meibetelje. Op dit stuit foldocht de oergong noch net oan alle easken en dêrom kin der noch net fjouwer kear yn de oere in trein fan Ljouwert nei Swolle oerhinne. Prorail wol nammentlik yn 2021 mear treinen ynsette tusken Swolle en Ljouwert.


 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)