Burgumer ferwaarloazget syn Bulldog

09 des 2015 - 16:39

Yn Burgum hat de plysje in slim ferwaarloazge hûn út in wenning helle. Sûnder tastimming fan de bewenner is de plysje it hûs yngien. It hûs wie smoarch troch bisten dy't op de flier har behoefte dien hiene. Plysjeminsken troffen in Bulldog oan.

Oan de linkerside fan de kop wie it bist behoarlik skansearre, se rûn mank en wankele op de poaten. De hûn is nei de bistedokter brocht. De plysje hat proses-ferbaal opmakke tsjin de 25-jierrige eigener fan de hûn. Yn 2014 binne der ek al twa slim ferwaarloazge hûnen by him út de wenning helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)