Bern needopfang yn skoalbankjes mei Grouster learlingen

09 des 2015 - 16:04

Bern yn de needopfang yn Grou kinne yn jannewaris nei skoalle. De twa basisskoallen yn it doarp, iepenbiere basisskoalle De Twa Fisken en kristlike basisskoalle Nijdjip, hawwe in lesprogramma gearstald foar de 25 bern. Se wurde ferdield oer twa klassen en krije fjouwer moarnsskoften yn de wike les.

Op de woansdeitemiddei krije de bern in alternatyf lesprogramma oanbean. It giet dan bygelyks om gymnastyk of knutseljen. It COA hat koartlyn frege om ûnderwiis foar de bern. It grutste part bliuwt oant seker 30 april yn de needopfang yn Grou.

Foar de bern dy't yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert sitte komt ek ûnderwiis. It is bedoeld foar minsken dy't yn de nije needopfanglokaasje oan de Heliconwei yn Ljouwert komme te sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)