Waadeilannen liede needklok oer nije flekswet

09 des 2015 - 15:18

De gemeenten fan de Waadeilannen liede de needklok yn Den Haach. De nije flekswet hat in "desastreus" effekt op it toerisme op de eilannen, sizze de bestjoerders.

Troch dizze wet is it foar ûndernimmers folle dreger om tydlik personiel oan te nimmen, om't se ferplichte binne nei twa tydlike kontrakten in fêst tsjinstferbân oan te bieden. Dat kin net út yn de toerismesektor, sizze de gemeenten. Se wolle dêrom dat de Twadde Keamer in útsûndering makket foar de Waadeilannen.

Trefwurden: 
flekswet Waadeilannen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)