"Fytssneldyk is te djoer"

09 des 2015 - 14:28

De fytssneldyk tusken Drachten, Marum en De Like en tusken Drachten en Ljouwert is te djoer. Dat blykt út ûndersyk fan advysburo Goudappel Coffeng. Dy ûndersocht de helberens yn opdracht fan de provinsjes Fryslân en Grinslân en ferskate gemeenten.

Yn febrewaris ferline jier frege de gemeenteried fan Smellingerlân om te sjen nei de mooglikheden fan in 'Plus Fytsrûte' rjochting Ljouwert en Grins. De kosten kinne lykwols net op tsjin it tal gebrûkers fan it fytspaad. Better is it dêrom om de besteande fytspaden en -rûtes goed te ûnderhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)