SVB yn berop yn AOW-saak Jouster widdo

09 des 2015 - 12:58

De Sociale Verzekeringsbank (SVB) giet yn heger berop tsjin de útspraak yn de AOW-saak. De rjochtbank fan Ljouwert oardiele earder dat in 59-jierrige frou fan 'e Jouwer dochs har AOW krijt as se 65 jier wurdt.

De widdofrou hie beswier makke tsjin de SVB. Sy soe troch de nije pensjoenregeling tusken har 65e en 67e jier rûnkomme moatte fan in útkearing fan 170 euro. Omdat de frou fanwege har sûnens net mear wurkje kin, betsjut it dat sy har hûs ferkeapje moat om finansjeel rûn te kommen. Dat is neffens de rjochter net akseptabel.

Hoewol't de útspraak spesifyk foar de Jouster frou jildt, hawwe nei it oardiel fan de rjochter fuortendaliks mear minsken oanjûn nei de rjochter te stappen.

Trefwurden: 
pensjoen AOW-saak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)