Carien Kleibeuker rydt wrâldoererekôr

09 des 2015 - 13:32

Reedrydster Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean hat woansdeitemiddei yn Inzell it wrâldoererekôr foar froulju op har namme skreaun. Yn in oere tiid ried se op de iisbaan fan Inzell 101 rûntsjes. De 37-jierrige stayer fan de Clafis-ploech fan Jillert Anema lei presys 40.569 meter en 68 sintimeter ôf.

It âlde rekôr stie al tsien jier op namme fan Maria Sterk út Hallum. Dy ried yn 2005 91 rûntsjes. Dat kaam del op in ôfstân fan 36 kilometer en 441 meter en 26 sintimeter.

Erik Jan Kooiman

Ek by de manlju komt der in oanfal op it wrâldoererekôr. Erik Jan Kooiman fan it Clafis-team wol de prestaasje fan Douwe de Vries fan It Hearrenfean ferbetterje. Douwe de Vries ried yn maart fan dit jier yn Calgary 42 kilometer en 252 meter. Kooiman sil nei Kleibeuker op de iisbaan fan Inzell ferskine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)