Undúdlikens oer reden royemint riedslid Van der Harst

09 des 2015 - 11:58

Riedslid Dieko van der Harst fan Opsterlân is net fan doel om in eigen fraksje te begjinnen, no't hy royeard is troch syn partij, Opsterlands Belang. Dat seit Van der Harst sels as reaksje op syn royemint. 

Reden foar royemint 

It royemint waard útsprutsen fanwegen it ferswijen fan eat slims yn de priveesfear. De partij kaam der yn oktober efter en fûn dat hy net langer riedslid bliuwe koe. Van der Harst fûn dy konklúzje fierstente fier gean. Hy woe wol ôftrede as fraksjefoarsitter, mar wol gewoan riedslid bliuwe.

Wat der no krekt bard is, wolle sawol Van der Harst as it partijbestjoer net sizze. Sy fine dat te bot in priveesaak. 

Werom by de partij

Van der Harst seit dat hy him no siik melde sil. De partij kin dan gewoan in ferfanger foar him fine. Van der Harst tinkt sels dat hy yn de takomst mooglik wol wer lid wurde kin fan de partij en dan wer yn de polityk kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)