Bakkefeanster feroarsaket ûngelok yn Grins, fjouwer ferwûnen

09 des 2015 - 10:29
De auto's rekken swier skansearre by it ûngelok - Foto: Patrick Wind/112 Groningen

In 48-jierrige man út Bakkefean feroarsake tiisdei yn Grins in ûngelok. Dêrby rekken fjouwer minsken ferwûne. De Bakkefeanster ried op de Lijzijde en botste op de krusing mei de Bakboordswal op de auto fan in 29-jierrige man út Grins.

De 29-jierrige man rekke ferwûne, lykas syn passazjiers: in 51-jierrige frou en in 13-jierrige jonge út Grins. Ek de Bakkefeanster moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)