Opsterlands Belang royearret riedslid Dieko van der Harst

09 des 2015 - 06:21

Opsterlands Belang hat riedslid Dieko van der Harst royeard. It is de earste kear dat de lokale partij in lid skrast. Opsterlands Belang en Van der Harst hawwe al in skoft spul. Dêrom hienen se ôfpraat dat Van der Harst ophâlde soe as riedslid foar de partij.

Dat hat er oant no ta net dien en dêrom hat it partijbestjoer derfoar keazen om him te royearjen. De oarsaak fan de breuk tusken it riedslid en de partij hat gjin politike reden, it giet om in skeel yn de priveesfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)