Flechtlingen jouwe har massaal op foar Meet en Eat

08 des 2015 - 22:41

Flechtlingen yn de needopfang fan Ljouwert wolle graach wer ite by Friezen thús. De belangstelling foar dizze saneamde Meet en Eat kommende sneon is tige grut. Troch it sukses fan de earste kear yn novimber hawwe harren mar leafst 450 flechtlingen opjûn.

It is lykwols de fraach oft se allegear oanskowe kinne oan de itenstafel. Der binne op dit stuit fierstente min gastgesinnen. Der is noch ferlet fan 40 húshâldens, sa lit de organisaasje witte.

Flechtlingen dy't de earste kear meidien ha en iten ha by minsken thús, fiele it as in waarm wolkom en in geweldige wize om mei-inoar yn de kunde te kommen. Tiisdeitejûn wie de lêste mooglikheid foar de bewenners fan de needopfang om harren op te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)