"Reisôfstân hat gjin ynfloed op de skoalkar fan jongeren"

08 des 2015 - 20:30

It oanbod fan it iepenbier ferfier hat gjin ynfloed op de kar nei hokker ûnderwiis Fryske jongerein giet. Dat docht bliken út ûndersyk dat de provinsje dien litten hat.

Ut earder ûndersyk bliek dat de jongerein op it plattelân faker in leger ûnderwiisnivo folget as jongerein yn de stêd. De provinsje woe witte oft dat kaam troch it oanbod oan iepenbier ferfier.

Kwaliteit en fytspaden

Ut enkêtes hâlden troch buro PAU docht no bliken dat dat net sa is. Alden fine de kwaliteit en de grutte fan de skoallen en goeie fytspaden wichtiger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)