VC Snits yn trije sets ferslein troch Russyske froulju

08 des 2015 - 19:10

De follybalsters fan VC Snits binne tiisdeitemiddei yn Ruslân ferslein troch de spylsters fan Zarechie Odintsovo. De Russen hienen 63 minuten nedich om de Friezinnen yn trije sets út te skeakeljen.

De earste twa sets wûnen de Russen mei gemak mei 25-14 en 25-12. Yn de tredde set makken de froulju fan Snits it noch efkes goed spannend, mar ek dizze seagen se oan har foarby gean mei 25-23.

Nije wike woansdei komme de Russyske froulju nei Snits foar de return yn de Challenge Cup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)