Fertraging op A7 fan Drachten nei It Fean troch ûngelokken

08 des 2015 - 18:05

Op de A7 fan Drachten nei It Hearrenfean wiene tiisdeitejûn by Beetstersweach opnij twa oanridings. Meardere auto's wienen dêr by belutsen. Der rekke net ien ferwûne, mar der wie in soad blikskea. Ferkear moast rekken hâlde mei fertraging.

Nei't de auto's troch in berger fuorthelle wiene, kaam it ferkear wer op gong. Der binne de lêste tiid in soad oanridings op de A7 tusken It Hearrenfean en Grins. Rykswettersteat en de plysje witte net hoe't dat komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)