Lúks snacke yn Burgum mei keallefleis út de muorre

08 des 2015 - 17:37

Keallefleis út in automaat. Entrecote, in byfstikje of in pûn gehak, der komt gjin winkel mear oan te pas. Je lûke it yn Burgum tsjintwurdich gewoan út de muorre.

De automatyk yn Nederlân is bekend om syn flotte hap. In waarme snack foar wa't roppich is en net wachtsje kin. Sûnt tiisdei kinne minsken by de Zomerschuur oan de Simmerwei yn Burgum sels terjochte foar biologysk keallefleis út de muorre.

It fleis is slachte yn Dokkum en is 24 oeren deis en sân dagen wyks te keap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)