Keatster Jokelyn Tienstra ferstoarn oan harsentumor

08 des 2015 - 16:45

De eardere Fryske keatster en hânbalster Jokelyn Tienstra is yn har Dútske wenplak Xanten ferstoarn oan de gefolgen fan in harsentumor. Tienstra wie ien fan de bêste hânbalkeepsters ea en spile yn klupferbân op it heechste nivo yn Europa.

Begjin dit jier krige se de oeuvrepriis op it Frysk Sportgala. Yn 2008 krige se in epileptyske oanfal op de A3 yn Dútslân, as gefolch fan de tumor. Yn 2009 is se operearre, wernei't se as talintcoach en keeperstrainer aktyf wie. Har lêste funksje wie haad fan de hânbalakademy. Tienstra is 45 jier wurden.

Keatskarriêre

De keatskarriêre fan Jokelyn Tienstra fan Sint-Anne duorre sa’n tsien jier. Yn dy tsien jier hat se eins alles wûn. De hichtepunten stean hjirûnder.

1e priis Bûnswedstriid skoalfamkes 1984
1e priis Bûnswedstriid famkes 1986
3e priis Bûnswedstriid froulju 1985, 1986 en 1989
1e priis Bûnswedstriid froulju 1991
3e priis Frouljus PC 1986, 1987 en 1991
2e priis Frouljus PC 1988, 1992 en 1993
1e priis Frouljus PC 1989 en 1990 (*in bûnswedstriid hat hjoed-de-dei de namme Nederlânsk kampioenskip)

Se waard yn 1990, 1991 en 1992 winner fan it punteklassemint. Yn it keatsklassemint fan alle tiden stiet Jokelyn noch krekt yn de top 10 mei 341 punten. Yn 1994 siet har keatsperioade derop, it hânbal waard sport nûmer ien.

Hânbalkarriêre

Dy begûn by SGK ’47 (Sport Geeft Kracht) yn Aldebiltsyl. Dêrnei koene de ferienings Hellas (Ljouwert), Heerenveen (It Hearrenfean), E&O (Emmen) en Dalfsen profitearje fan Jokelyn har keunsten yn 'e goal. Jokelyn makke ek wurk fan har stúdzje. Se die de ALO yn Grins en wurke in skoftke op it AOC yn Ljouwert. Mar it hânbal wûn fan it ûnderwiis. Se waard keepster fan it Nederlânske team en spile ferskillende kearen in Europeesk of in wrâldkampioenskip. Yn totaal spile se 176 kear in ynterlân foar Nederlân.

Wrâldkampioenskip

It hichtepunt kaam yn 2005. Yn Sint Petersburg (Ruslân) waard Nederlân 5e op it WK. Dat is it bêste resultaat ea helle op in WK foar Nederlân. De karriêre fan Jokelyn yn klupferbân gong fierder yn it bûtenlân. Yn 2000 keepte se by Slagelse yn Denemarken. Dêrnei folgen Lützellinden yn Dútslân, Beakellaget yn Noarwegen, Bera Bera yn Spanje en Borussia Dortmund yn Dútslân. Yn 2007 hâldt se op as international, yn 2008 ek yn klupferbân. Se giet dan nei de hânbalakademy op Papendal en wurdt talintcoach by it Nederlands Handbal Verbond. As lêste wie se haad fan dy hânbalakademy. De Nederlânske hânbalfroulju, wêrby't Jokelyn jierrenlang as keeperstrainster aktyf wie, spylje op dit stuit it WK yn Denemarken. De spylsters sille tiisdeitejûn yn de wedstriid tsjin Sweden mei roubannen spylje.

Fryslân DOK makke yn 2013 in twalûk oer Tienstra. Sjoch hjir diel 1 en diel 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)