Arriva fersoarget tenei busferfier yn hiel Fryslân

08 des 2015 - 16:25

Busferfierbedriuw Arriva mei fan ein takom jier ôf it ferfier fersoargje yn Súdeast-Fryslân en fan 2017 ôf op de waadeilannen Flylân, Skylge en It Amelân. Arriva rydt al yn de rest fan de provinsje.

Fjouwer bedriuwen wienen yn de race foar dizze iepenbiere oanbesteging. Neist Arriva hienen ek Connexxion, EBS en Qbuzz in offerte yntsjinne by de provinsje.

De konsesje is foar in perioade fan 4 jier, mei de mooglikheid dizze te ferlingen ta 6 jier. De provinsje stelt 4 jier lang in subsydzje fan 12,5 miljoen euro beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)