Toarstige dief net mear wolkom yn Drachtster winkel

08 des 2015 - 15:57

In 42-jierrige frou út Wergea is moandeitemiddei yn in winkel oan de Stasjonswei yn Drachten oanhâlden foar it stellen fan blikjes wisky-kola. Se hie de blikjes ûnder har klean ferstoppe.

De frou is earder trappearre foar stellerij en is doe feroardield ta in wurkstraf. Fan de winkel krige se in tagongsferbod fan tsien jier. Der is proses-ferbaal tsjin de frou opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)