Ljouwerter Alvestêdehal is klear foar KNSB maraton

08 des 2015 - 07:26

De Ljouwerter iishal is klear foar de KNSB maraton fan takom woansdei. Yn oktober dit jier, doe't reedrydtoppers de kâns krigen om te trainen yn de hal, wie der noch krityk op it iis. Neffens de iismasters moat it iis no in stik rapper wêze. It iisbûn KNSB seit dat it foar it earst is dat der in echte maraton yn in iishal yn Ljouwert riden wurdt.

By de froulju dy't starte, sil âld-winner fan de Alvestêdetocht Klasina Seinstra it startskot jaan. By de manlju jout Henk Angenent it startskot.

Publyk is wolkom yn de Alvestêdehal, dêr't minsken ticht by it iis stean kinne. Om tûkelteammen wat it ferkear oanbelanget foar te kommen by de nije hal, wurde der woansdei ferkearsregelers ynsetten rûnom it parkearterrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)