Lykspul foar Jong Cambuur tsjin VVV/Helmond Sport

07 des 2015 - 22:40

Jong Cambuur hat moandei yn Venlo de útwedstriid tsjin VVV/Helmond Sport mei 1-1 gelyk ôfsluten. Dat wie soer foar de Ljouwerters. Yn de earste helte wiene se de baas op it fjild. Mei in goal fan Daniël van Warven kaam Jong Cambuur op foarsprong. Yn de twadde helte krige Cambuur ek grutte kânsen. Mar de bal gong der net yn. Oant Sam Strijbosch fan VVV/Helmond Sport de 1-1 op it skoareboerd sette.

Der wie ek goed nijs foar Cambuur. Oanfaller Jergé Hoefdraad út it earste alvetal makke nei sân moannen syn rentree op it fjild.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)