Heeren van Harinxma hie net op Michelinstjer rekkene

07 des 2015 - 18:12

Direkteur Marc van Gulick fan Lauswolt yn Beetstersweach is út de skroeven mei de Michelinstjer dy't it restaurant Heeren van Harinxma moandei krigen hat. Nei tsien jier hat Lauswolt de stjer werom. Van Gulick is tige grutsk op syn hiele team. ,,Het is een gekkenhuis hier", sei er nei ôfrin. De direkteur reizige moandei sûnder hege ferwachtings ôf nei Amsterdam dêr't de útrikking wie. ,,We hebben ons dit jaar op andere dingen gefocust. Dus ik had er niet echt op gerekend. En dan komt de toekenning dubbel zo hard binnen", sei er grutsk.

Yn 2006 rekke it restaurant Heeren van Harinxma de stjer kwyt. De lêste jierren siet it restaurant alle kearen tichteby de stjer, en no hawwe se him dan lang om let weromkrigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)