Alderen wenje yn Ryksmuseumstyl yn Saxenoord Frjentsjer

07 des 2015 - 16:40

Wensoarchsintrum Saxenoord yn Frjentsjer is opkreaze yn de styl fan it Ryksmuseum. Rûnom hingje der replika's fan âlde masters. De Nachtwacht mocht dêrby net ûntbrekke.De bewenners binne tige te sprekken oer de fernijing. De trochsneed bewenner is fier boppe de 80 jier en komt net mear sa maklik yn in museum.

Saxenoord wie aardich fertutearze. It tehûs hat foar de restyling sparre. Se hawwe derfoar keazen om it yn ien kear sa goed mooglik te dwaan. It fernijde wensoarchkompleks giet tiisdei offisjeel iepen.

Net allinnich it ynterieur fan Saxenoord is oanpakt. De soarch is ek oanpast oan de hegere leeftiid fan de trochsneed bewenner en de 'klompleksere soarchfraach'.

Trefwurden: 
Saxenoord Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)