Easterwâlde hat syn eigen glêzen hûs mei Serious Request

07 des 2015 - 15:11

Yn Easterwâlde wurdt dit jier flak foar de krystdagen foar de twadde kear in glêzen hûs ynrjochte. Trije dj's fan de lokale omrop Odrie litte har in wykein lang opslute. Se besykje yn dy tiid safolle mooglik jild yn te sammeljen foar it Reade Krús. Se slute oan by de aksje fan 3FM, Serious Request.

Yn it wykein fan 18, 19 en 20 desimber wurde yn Easterwâlde allegearre aktiviteiten organisearre foar Serious Request, lykas in houthakwedstriid en in missferkiezing.

Trefwurden: 
Glêzen Hûs Easterwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)