Net dúdlik wannear't brêge oer Fryske Slûs wer iepen kin

07 des 2015 - 12:03

It is noch net dúdlik wannear't de brêge oer de Fryske Slûs by De Lemmer wer makke is. In auto ried sneon tsjin de slachbomen, wêrtroch in soad skea ûntstie. De brêge kin dêrom net iepen. Skippen leger as 6 meter kinne wol troch de slûs farre, om't dy ûnder de brêge troch passe. Om't de brêge foaral yn de simmer brûkt wurdt troch rekreaasjeferkear, is der net in soad oerlêst foar it skipfeartferkear.

De brêge soe yn jannewaris kommend jier al neisjoen wurde, om't it meganyk net goed mear is. De brêge gie om dy reden noch mar ien kear op in dei iepen.

Auto's kinne gewoan oer de brêge ride, allinnich frachtweinen swierder as 10 ton meie der net oer hinne ride.

Trefwurden: 
Fryske Slûs De Lemmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)