Fytsedief yn Ljouwert oanhâlden troch de plysje

07 des 2015 - 09:42

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei in 26-jierrige fytsedief út Ljouwert oanhâlden. Plysjes seagen de man op de Hollanderdyk rinnen mei in blauwe frouljusfyts fan it merk Batavus.

It slot fan de fyts ûntbruts en der wie foarse skea op it plak dêr't is slot sitten hie. Derneist hie de man meardere knyptangen by him en koe hy net útlizze wêr't de fyts wei kaam. De fertochte sit noch fêst foar fierder ûndersyk. De tangen binne yn beslach naam.

De plysje is no op syk nei de eigener fan de fyts.

Trefwurden: 
oanhâlding Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)