Kollum: "Nynke oardel bier"

07 des 2015 - 08:54

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Twa wike lyn wie ik op Flylân om efkes hearlik út te waaien. De jûn begong prachtich mei in bierke yn it restaurant fan Doeksen. Ek op de boat proasten wy mei in pilske alfêst op in slagge wykein. Healwei njoggen jûns foeren wy de smûke haven fan Flylân yn, en jo riede it al: earst mar nei de kroech om in bierke.

Foardat jo no tinke: dy Nynke koe wol alkoholferslaafd wêze. Neat is minder wier. Ik kin stikem eins hielendal net sa goed oer drank. ‘Nynke oardel bier’ neame se my, om’t ik nei oardel bierke altyd al aardich op skik bin. De ferhalen wurde wat sterker, de tonge wat dikker en it wierheidsgehalte wat tinner, jo kenne it wol.

Sa gong dat dit kear ek fansels, dêr yn de kroech op Flylân. Op tap siet it wrâldferneamde karmelietbier. Mar lit it no krekt dat wykein folslein op wêze. Gjin drip karmelietbier mear te krijen. Dus keazen wy foar in goede ferfanger: in hearlik Duveltsje.

Doel wie om twa bierkes te drinken, en dan braaf op tiid op bêd. Mar sa’t dat giet as jo krekt efkes yn de kroech sjen sille, waard it skytlet. En dêrfan jou ik de skuld oan Bart. Sjoel Bart, sa’t er himsels neamd. Sjoel Bart is de sjoel-master fan Flylân en jout elke sneintejûn sjoelles yn de kroech. En dat giet der serieus om ta.

Yn stee fan knetterhurd dy sjoelstiennen rjochting de gatten te slingerjen, sa’t wy dat thús altyd dogge mei Kryst, joech Sjoel Bart ús tips foar de bêste technyk. ‘Sjoelen draait om fingerspitzen gefühl’, fertelde er. Undertusken soarge Bart foar optimale sjoel-omstannichheden, want nei elke sjoelbeurt waard de bak mei wyt poeier bestruid, om de glêdens fan de baan te optimaliseren. “Het gaat om de details”, knikte Bart yn opperste konsintraasje.

En doe wie ik oan de beurt. Mei in flinke swieper knettere ik it earste blokje oer de baan. “Rustig, rustig!” rôp Bart. It skyfke batste tsjin it sket en kaam mei like folle gong werom. Thús mochten we dit blokje dan altyd noch in kear brûke, mar sa wiene de regels op Flylân net. Strang pakte Bart my it stientsje ôf. “Die telt niet meer mee”, skodholle er. Ek mei de hannen ûnder it plankje troch om stikem noch wat blokjes te pakken, mocht absolút net. “Dat staat in het regelement”, spruts Bart my strang ta.

By elk sjoelskyfke dat mei it nedige gelok wol yn it gatsje belâne, raasde ik knoeperhurd fan BAM! Bart skrok ‘m kapot de earste kear. “Wil je dat wel nooit meer doen?”, sei er. Mar ik hie al de noadige Duveltsjes achter de kiezzen, dat hoe langer de jûn duorre, hoe entûsjaster ik waard. By elke BAM dy’t ik rôp, raasde Bart noch folle lûder: ‘Sjoelen is een CONCENTRATIESPORT!’

Twa sjoelpartijtsjes en hiel wat Duveltsjes letter, rôlen wy om healwei trijen de kroech út. En sa’t dat heart by in gesellige kroechjûn, waarden wy de folgjende dei wekker mei in ûnfoege kater. De hiele dei ha’k my min field. Mar it wie de muoite mear as wurdich, want ik hie mei myn sjoeltechnyk op syn minst in nije Flylâns rekôr smiten. Alteast, dat tocht ik...

Ferline wike krigen wy nammentlik in telefoantsje fan Sjoel Bart. Hy soe ús ommers noch de skoare trochjaan, sei er. Ik wist earlik sein fan neat mear, mar kenlik wie dat by it fjirde Duveltsje ôfsprutsen. Fia de app kaam de útslach fan dy nachtlike sjoelpartij ús kant op. In hiel rychje nammen, mei dêr achter de punten. En jo riede it al: hielendal ûnderoan stie myn namme. Nuver, want ik wie oars sa lekker op dreef.

Sjoelen is dúdlik net myn sterkste punt. ‘Nynke oardel bier’ kin it mar better by sterke ferhalen hâlde. Dy glydzje der krekt wat makliker yn.

Noflike moandei!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)