Aris kin net wer stunte tsjin Den Bosch
Fjirtjin dagen lyn wie Aris yn de thúswedstriid noch de sterk foar Den Bosch, sneintejûn ferlearen de Ljouwerter basketballers mei rom ferskil yn Brabân. It waard 100-70 foar Den Bosch. It ferskil waard benammen yn it twadde en fjirde kwart makke. Javier Duren wie mei 17 punten de tûkste Aris-spiler.