Wenhûs Langsweagen folslein útbrând

06 des 2015 - 20:56
Foto: foto AST-Media

In frijsteande wenning oan de Hegedyk yn Langsweagen is sneintejûn troch in útslaande brân yn de jiske lein. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De brân ûntstie rûn 19.00 oere. De brânwacht wie gau te plak, mar koe de wenning net rêde.

Om sawat healwei njoggenen waard it sein brân meester jûn.

Trefwurden: 
brân Langsweagen
(advertinsje)
(advertinsje)