Jorrit Bergsma twadde yn massastart yn Inzell

06 des 2015 - 17:39

Jorrit Bergsma is snein twadde wurden op de massastart by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Inzell. Yn de einsprint gong de winst nei ploechgenoat Alexis Contin út Frankryk. Tredde waard de Italiaan Fabio Francolini.

By de froulju gong de winst nei Irene Schouten. It wie har twadde wrâldbekerwinst op rige by de massastart. Twadde waard Ivanie Blondin út Kanada. It tredde plak wie foar Do-Young Park út Súd-Koreä.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)