Fryske Slûs by De Lemmer kin woansdei wer skutte

06 des 2015 - 16:43

De Fryske Slûs by De Lemmer is moandei en tiisdei ticht foar skipfeartferkear. De slûs moat reparearre wurde, neidat in auto sneontemoarn ynriden wie op de slachbomen. De slûs koe dêrtroch net mear iepen en ticht.

Skipfeart oer de Lemsterfeart fan en nei de Noardeastpolder moat de kommende dagen in oare rûte kieze. Automobilisten hawwe gjin lêst fan de stremming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)