Brûns foar Marrit Leenstra op 1500 meter

06 des 2015 - 14:46

Marrit Leenstra is snein tredde wurden op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Inzell. De rydster út Wikel klokte in tiid fan 1.55.79. De winst gong nei de Amerikaanse Brittany Bowe, dy't in winnende tiid fan 1.54.68 klokte. Yn de lêste rit wie se dêrmei Heather Bergsma-Richardson de baas. De frou fan Jorrit Bergsma einige mei 1.54.94 as twadde. Antoinette de Jong fan Rottum einige mei 1.58.33 as trettjinde.

By de manlju gong de winst op de 1500 meter nei de Rus Denis Yuskov, dy't de tiid stil sette op 1.44.21. Dêrmei wie er in stik rapper as de nûmer twa Kjeld Nuis, dy't 1.45.20 klokte. It brûns wie foar de Amerikaan Joey Mantia mei 1.45.25. Gerben Jorritsma fan Diever einige mei 1.46.44 as achtste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)