Trije Fryske shorttrackers winne goud yn Japan

06 des 2015 - 11:47

Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Freek van der Wart hawwe snein goud wûn yn it Japanske Nagoya mei de ôflossingsploech fan de Nederlânske shorttrackers. Op de 5000 meter fan de wrâldbekerwedstriden fersloech it team de oare lannen Sina, Kanada en Súd-Koreä. Yn de lêste heale ronde helle Knegt syn konkurrinten út Sina en Kanada yn. Sina helle sulver en Kanada brûns.

Sjinkie Knegt miste de finale yn de yndividuele 1000 meter. Hy kaam yn de heale finale as tredde oer de einstreek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)