Auto rekket fan de dyk en bedarret yn droege sleat

06 des 2015 - 10:23

By in ûngelok tusken Frjentsjer en Seisbierrum is sneontejûn in autobestjoerder ferwûne rekke. Oan de Getswertersyl rekke de auto fan de dyk en bedarre yn in droege sleat.

De bestjoerder koe sels út de auto weikomme. In ambulânse hat it slachtoffer nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De oarsaak fan it ûngemak is net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok auto sleat Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)