Follybalfroulju Snits pakke drege oerwinning op Sliedrecht

05 des 2015 - 17:11

De follybalfroulju fan Snits pakten sneon in drege 3-2 oerwinning op Sliedrecht Sport. Yn eigen hal ferlearen de froulju fan trainster Petra Groenland de earste set mei 20-25. Yn de twadde set kamen de Snitsers op likense hichte mei in 25-19 setwinst.

Yn in spannende tredde set stie der op 'e nij in 25-19 stân op it boerd foar de follybalsters fan Snits. De fjirde set kamen de gasten út Sliedrecht op 'e nij op likense hichte: 16-25. De beslissende fyfde set gong mei 15-12 nei Snits.

It is de njoggende oerwinning foar de Snitser follybalfroulju, dy't dêrmei oan de lieding gean. De ploech fan trainster Petra Groenland fljocht snein nei Moskou foar de twadde ronde fan de Challenge Cup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)