Harkemase Boys wint yn lêste minút mei strafskop

05 des 2015 - 16:47

Harkemase Boys, koprinner yn de haadklasse C, pakte sneon in swierbefochten 2-1 oerwinning op ACV. Yn Assen makke Oebele Schokker nei in healoere de iepeningstreffer. Op slach fan rêst liet Jorco van Hezel in grutte kâns lizze om de twadde treffer op it boerd te setten.

Nei it skoft wie it ACV dat op jacht gong nei de lykmakker. Dy foel fjouwer minuten foar de ein. De ploech fan trainer Jan Vlap pakte dochs noch de winst, doe't Robin Huisman de Jong yn ekstra tiid in strafskop fersulvere.

It is de njoggende oerwinning foar de Harkiten. De Boys stean no op 28 punten út 11 wedstriden.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)