Automobilist rydt slûs De Lemmer stikken

05 des 2015 - 14:05

In automobilist is sneontemoarn mei de auto ynriden op de slachbomen fan de Fryske Slûs op De Lemmer. Dêrtroch kin de slûs net mear iepen. Dat meldt Omrop Flevolân.

De slûs is oant en mei tiisdei ticht foar de skipfeart. Dy moat in no in oare rûte kieze. Automobilisten hawwe gjin lêst fan de stremming fan de slûs.

Trefwurden: 
slûs De Lemmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)