Boeren moatte ierappels droegje mei fentilator

05 des 2015 - 12:41

Fryske ierappelboeren hawwe dit jier mear lêst fan rotterij yn de ierappels as oars. De neisimmer is folle wieter en dampiger is as oare jierren. Dêrom is it folle dreger foar boeren om de ierappels droech te hâlden en te bewarjen. In oplossing dêrfoar binne fentilatoaren. LTO Noard riedt alle ierappelboeren oan om goede fentilatoaren te keapjen.

In ierappel mei net langer as 24 oeren ûnder wetter stean. Ien perseel mei ferrotte ierappels kostet in boer 1200 euro. Dat jild soe ferlern gean, as der neat bart.

Lanlik sjoen falt de situaasje yn Fryslân noch wol wat ta. Ierappelboeren yn Brabân, Seelân en Noard-Hollân hawwe folle mear lêst fan rotterij. Yn dy provinsjes is mear reinwetter fallen.

Trefwurden: 
ierappel boer LTO fentilator
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)