Man smyt pûde út autorút en wurdt oanhâlden foar drugsbesit

05 des 2015 - 10:57

In 25-jierrige man fan De Westereen en in 45-jierrige Súd-Hollanner binne op in parkearplak by De Harkema oanhâlden foar besit fan harddrugs. De plysje seach ien fan de manlju in plestik pûde út it rút fan in auto smiten. Dat wie de reden om de manlju te kontrolearjen. By de kontrôle die bliken dat se harddrugs en in mes yn harren besit hiene.

It twatal is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk. De drugs en it mes binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)